
Fan 1 o/m 25 sept. 2026 binne it wer de Lês-mar-foar-wiken!
Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen? En it is ek nochris in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. It tema fan 2026 is 'Spot oan!' en slút dêrmei oan op dy fan de lanlike 'Kinderboekenweek'. Letter fynst hjir mear ynformaasje oer de aktiviteiten fan dit jier.




Tys & Teske-boekje
Foar pjutten (2-4 jier) ferskynt alle jierren in nij foarlêsboekje fan Tys & Teske, fol mei ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes. It tema fan 2026 is 'Spot oan!' en slut oan op it tema fan de 'Kinderboekenweek' yn oktober. It boekje is fergees op te heljen by de biblioteek. Der ferskynt ek in Stellingwerfske, in Bildtske en in Franeker ferzje fan it foarlêsboekje. Sjoch foar mear ynformaasje oer Tys & Teske op tysenteske.frl.
Hoe kinne wy meidwaan?
Wurkesto mei pjutten en wolsto meidwaan oan ’e Lês-mar-foar-wiken? Om mei te dwaan en oan al jim pjutten de Lês-mar-foar-boekjes út te dielen, moatte jim dit jier de boekjes sels oanfreegje. Jim krije de boekjes dan yn de earste twa wiken nei de simmerfakânsje fergees besoarge. Fia de knop hjirûnder kinne jim it formulier ynfolje om jim lokaasje oan te melden. Ek as gastâlder kinst dy oanmelde (minimum fan 8 bern op 'e opfang).




It Keimpe-boekje
Keimpe de Krokodil hâldt fan Frysk lêzen! Mei de Lês-mar-foar-wiken ferskynt in nij boekje fan Keimpe foar bern fan 4-8 jier, mei ferhaaltsjes en spultsjes. Alle basisskoallen fan Fryslân krije it Keimpe-boekje en in byhearrende lêsbrief tastjoerd, dêr't sy mei de Lês-mar-foar-wiken út foarlêze kinne.
Wolle jim as skoalle it boekje útdiele oan al jim learlingen fan groep 1-4 en in moaie poster ûntfange? Mail dan nei Keimpe de Krokodil: keimpe@afuk.frl
Set yn de mail de namme en it adres (!) fan jim skoalle, de kontaktpersoan, it oantal boekjes dat jim ûntfange wolle en de groepen dêr’t jim foar bestelle wolle. Dan soarget Keimpe derfoar dat jim de boekjes foar de Lês-mar-foar-wiken besoarge krije.

De Foarlêstas fan Keimpe!
De Foarlêstas kin brûkt wurde om yn ’e klasse oan ’e slach te gean mei Fryske boeken en boekpromoasje. Mei de tas kin Keimpe de Krokodil by de bern útfanhûs. Yn it BoekeDeiBoek kinst opskriuwe wat Keimpe allegear dien hat doe’t er útfanhûs wie, dat yn ’e klasse wer oanlieding wêze kin ta in petearke. Yn de Foarlêstas sit ek noch de Keimpe-hânpop, it sykboek ‘Wêr is Keimpe?’ en it Keimpe-boekje mei lesbrief fan de Lês-mar-foar-wiken. Miskien dogge jim der noch wol mear yn. In ekstra boek? In toskeboarstel, in pyama?
De tas kostet €35 en is te bestellen fia websjop.afuk.frl


Lês mar foar!
Foarlêzen, dêr begjint it mei! Tegearre in boekje lêze fersterket de bân mei dyn bern. En bern dêr’t as lytse poppe al oan foarlêzen wurdt, binne letter better yn taal. Asto wolst dat dyn bern yn it Frysk opgroeit, is foarlêzen is in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. Lês hjir mear oer meartalich opgroeien.

Op telefyzje
Op tsjil.omropfryslan.nl binne allegear leuke filmkes te besjen foar bern. Sa binne der printeboekfilmkes, filmkes fan Hinke de Ko én de searjes 'Wat in aventoer!' en Pong Pong Dino. Sjoch mar gau!


Jierferslach
Wat wy fanút it Lês-mar-foar-projekt/Tomke-projekt it ôfrûne jier allegear dien, makke en útjûn ha, kinst lêze yn ús jierferslach. Nijsgjirrich? Klik hjirûnder op ien fan de links (Fryske of Nederlânske ferzje).
Nei it jierferslach fan 2025 (FR)
Nei it jierferslach fan 2025 (NL)
Yn de biblioteek
Mei de Lês-mar-foar-wiken is it ek wer feest yn de biblioteek! Dêr binne dan ferskate foarstellingen te besjen. Sa kinne pjutten bygelyks nei in poppenteäter sjen, of sjonge, dûnsje, muzyk meitsje... hâld de webside yn 'e gaten foar mear ynformaasje!



Moaie boeketips foar pjutten yn it tema ‘Spot oan!’:
| Rinus - Fryske edysje | |
| Grutte griene grizel | |
| Kwek kwek minemyn | |
| Kening & Kening | |
| Lytse Aap | |
| Skelte wol in skelter | |
| Ynstruminten |
Moaie boeketips foar bern fan 4 o/m 8 jier yn it tema ‘Spot oan!’:
|
|
Moaie boeketips foar bern fan 4 o/m 8 jier yn it tema ‘Spot oan!’:
|
De boeken binne te bestellen fia de Afûk websjop én fergees te lienen yn de biblioteek!
Sjoch op de webside fan heit&mem foar mear ynformaasje oer meartalich opfieden.





It Lês-mar-foar-projekt
It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan de Tomke- en de Keimpe-wurkgroep en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 o/m 8 jier.
Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. www.taalplan.frl.
